Actieve forumonderwerpen

You are here

In middei it Waad op

Snein 12 augustus 2007

Snein de 12de fan de rispmoanne teagen in oantal kanoërs fan ODW op nei Lauwerseach ta.
Durk, Annelies en ik mei de kano's op het dak fan de auto fanút Hurdegaryp, seagen Hans Visser foar de slûsbrêge fan Lauwerseach yn de rige wachtsjende auto's stean. Nei in praatsje makke te hawwen gyng it op nei de Eastpier.
De iene nei de oare kaam om 12.00 oere hinne delsetten. Mei ús sânen, Hans , Durk en Annelies, Paul de Haas, Paul Koordes, Johan Algra en Jan Tilma, koene nei in lytse palaver mei de boaten om kertier oer ienen sa 't ôfpraat wie mei tochtlieder Johan, fia de trailerhelling it wetter yn.
It wie in lust foar it each, benammen foar de stuoltsjesitters oan de haven.

Wy fearen mei rêstich waar en wetter moai by de beakens en boeien lâns nei de Ingelsmanplaat om wat te iten, te drinken, te praten en te kuierjen.
De fûgelhutte waard bewenne en it nije beaken moast eefkes bewûndere wurde, ik wit net hoe 't ít âlde wie, mar dit seach der himmel en deeglik út, it koe yn elts gefal besjen lije yn de eagen fan Johan en de beide Paulen. Nei in skoftke gyng it op nei It Rif.
Om't it wetter leech wie, like dit eilân wol grutter as de Ingelsmanplaat, mar mei heech wetter like der net folle fan oer te bleauwen, oan de sânrêch te sjen. Doe 't wy dêr sa yn in omsittend laach by de kano's sieten, foel it each fan ien fan ús op de namme fan Johan syn boat: "kvaerm'nnøsagterna". Sa hiene wy ek in 'Waterliesje" yn ús fermidden. "Moai wurk Durk", en dêrom dogge wy dit no.

Paul, ús haske, moast al eefkes kopkedûkelje, hy kaam samar wer boppe wetter, dat koe oare Paul net oer syn kant gean litte, dat dy teach ek it boat yn en belike (evenaarde) him, en.dat nei trije jier!!!
Johan, in evenredich man, die it wat bedaarder oan en wie wer boppe wetter foar 't wy it yn 'e gaten hiene. Dêrnei koe gjinien in misser mear meitsje, dat hjir bleauw it by. Paul woe my der ek ta sette , mar ik sei dat ik himmel by de tafel yn it restaurant sitte woe, as ik nei ôfrin mei Tsjepkje, myn frou, út iten gean soe. It waard akseptearre. Hja soe my op 'e fyts ophelje, fandêr. De kiwi-ynstap gyng Paul de Haas ek goed ôf.

Om 16.30 oere hinne kaam der wat bewolking opsetten. Durk hie in kompjuterke om 'e pols en liet ús sjen dat de luchtdruk ôfnaam en kâns op mear wyn en oar waar tanimme koe. Sa wiene de foarsizzings ek en der wie rekken mei holden. In pear seehûntsjes holden us hyltiten yn de gaten en stutsen geregeld de kopkes boppe wetter, ek doe 't wy werom fearen, it wie in prachtgesicht.

17.00 oere setten wy wer op nei it fêste lân ta, neidat de iene Paul de oare in op it strân fûne stôk stikken op 'e kont sloech.
Omt it wetter leech wie, 17.30 oere soe de kentering wêze, leine der ferskate boaten foar anker op it droege. Sa ek op de weromreis by de Ingelsmanplaat, dêr 't bern fan klipper of aak "De Noordenwind" mei in protte wille it wetter yn sprongen.

De útstap wie om kertier oer sânen sa as ferwachte waard, net sa maklik as de ynstap. Fanwege it leechtij fearen wy nei de binnenhaven om in dikke meter heger hâldfêst te finen. Paul de Haas rikke guon fan ús de hân ta, dat it slagge allegearre skoan.

In healoere letter sette elkenien foldien op nei hûs ta of ieten earne wat.

Johan, bedankt foar dizze moaie dei.

Jan Tilma